|
De partij dy’t tradisjoneel op de sneon “fan de Merke” ferkeatst wurdt wie dit jier wol wat sútrich kwa dielname. Oare jierren kamen in soad minsken op dizze partij ôf, dit jier wie it mar súnichjes-oan. “Sa hat it dit hiele jier al west” seit sikretaris en wedstrydlieder Jan Buitenga. “Eltsje keatsjûn en eltsje partij hoopje je dat de minsken wêromkomme nei it keatsfjild, mar eltse kear rinne jo wer tsjin in domper oan”. Sa ek no dus, in Merkepartij mei mar 23 dielnimmers.
Seis fan harren wiene útkeazen en keatsten (trije kear lotsje) yn in A-klasse, de oaren wiene yn seis pertoeren útsetten en keatsten yn de B-klasse.
Yn de A-klasse wûn Sybrand van der Weij al syn trije wedstriden, derby holpen troch syn tafallige meistriders, Tiede Boorsma wûn twa partijen en ferlear de oare mei twa punten yn syn foardiel, wylst Ivo Jan de Wolff twa partijen wûn, en de tredde ferlear mei ien punt yn syn foardiel. Yn dize foalchoarder wiene se dus earste, twadde en tredde yn de einstân.
Yn de B-klasse keatsten de mannen (frouljue wiende der dizze kear net) yn twa poultsjes fan trije om de finaleplakken. Ut poule A kamen Bauke Rinzema, Ane van der Werf (Snits) en Erwin de Boer as winners ut de poule, yn de B-klasse wiene dat Ferdinant van der Werf, Pieter Bouma en Rients Smeding. Sy keatsten dernei in finale, dy’t yn syn útslach slim iensidich like, mar de stânnen by it ein fan alle earsten die oars bliken. Faaks bij 6-6 of 6-4 foel de beslissing, werby, as spile de duvel dermei, steeds wêr Ferdinant en syn maten it earst oppakten. Mei toch wol dúdlike sifers (5-1) wûnen sy dan ek yn de B-klasse de krânsen.
De tredde priis yn de B-klasse waard úteindelijk noch wún troch it pertoer fan Freddy Lolkema (Boarn), Tsjalling Legendal en Tonnie van der Weij.
Dy krânsen wurden nei ôfrin fan de partij yn de Renadokantine útrikt oan de earste priiswinners, derby in goedfulde tas mei ynhâld, beskikber stelt troch de organisator fan de Merke, it VVV, en, yn it gefal van de keningen fan de derby hearrende kenings-wikselbeker. Yn de A-klasse dúdlik, Sijbrand van der Weij, foar de B-klasse keazen de trije man fan de keningscommissie Ferdinant van der Werf ta kening.
Mei dizze wedstyd stiet keatsferieniging “de Oorsprong” wer oant in ein fan it seisoen, in inkeld lid hat hjir en dêr noch in “partytsje” te gean, foar de measte keatsers kin de mof wer yn de motteballen, hoewol, it winterseisoen komt der ek wer oan….
Leden fan de keatsclub, hâld de webside www.kvdeoorsprong.nl yn de gaten, en oars jimme email, der komme wer nije berjochten. Bygelyks stiet foar 22 oktober 2011 al wêr de Bowlingjûn op de wurklist.
PS in lytste steuring mei de webside makket it even ûnmooglik de foto's by dit artikel ek te pleatsen. Se komme noch.
|