KV de Oorsprong

Algemeen nieuws 2018


Op útnoeging fan de kommisje dy’t de Jouster Ballonfeesten organissearret hat keatsferieniging “de Oorsprong” fan Sint Nyk freed 27 juli in keatsdemonstraasje fersoarge op it Ballonnefjild foardat de ballonnen de loft yngiene. 


Foar de útlis fan it spul en it spul sels koe speaker Jan Buitenga een berop dwaan op seis betúfte keatsers út de 50+ klasse. Ludwig Seerden, Jacob Kamstra, Tjeerd Dijkstra, Piet Machiela, Johannes Siegersma en Hans Felkers. Dat de spannende partij eindige op fiif earsten gelyk wie logysk. 

It fjild wie min en de tiid moast folmakke wurde mar al mei al wie it barren tige slagge. It optreden yn de waarmte fan de mannen waard troch de ballonnekommisje beleane mei in drankje yn de VIP tinte en in hapke by ien fan de “foodtrucks”. Ek de keatsferieniging fan Sint Nyk waard der net minder fan.....