KV de Oorsprong

Yn de earste plak, het spyt us, as bestjoer ferskrikkelijk dat we juster it Merkekeatsen ôflosse moasten.

It fjild wie sa wiet, en de foarútsichten sa min dat it net ferantwurde like om te keatsen.

Om jimme net foar neat nei it fjild komme te litten hawwe wy dy beslissing om njoggen oere al nimme moaten, wêrnei besocht is alle keatsers fia welke wei dan ek, tidich te berikken.

Yn de measte gefallen is dat ek slagge. Dêr wêr dit net slagge is, ús ekskuus dêrfoar.

Sûnder Merkekeatsen de winter yn dus dit jier.

Tige spitich fansels, mar it winterprogramma mei keatsen yn de Doniahal stiet al wer op it programma.

Jimme krije dêr ynkoarten wol berjocht fan.