Pelote yn St Nyk PDF Afdrukken E-mailadres
Geschreven door De secretaris   
vrijdag, 27 mei 2005 22:11
Op fersyk fan de ledengearkomste yn april is dize wike woansdei in jûn bestege oan it Belgyske spul, it Jeu de Pelote. Ut in boekje út 1947 wurden de maten fan it fjild en de regels fan it spul opfandele, en sa koe it op 25 maeye oangean. Om't der krekt gjin tsien deelnimmers wiene en Jan Buitenga de hiele dei al mei syn kollega's yn Sint Nyk keatst hie (een twadde priis wie it heecht helbere), waard mei twa partoeren fan fjouwer man it spul spiele, wylst Jan fanôf in stoel karmaster wie. Nei't de regels san bytsje útlein wiene gie it hinne. Earst al it opslaen, mei deselfde hân opgoaie as wer't en mei slagt, en dan dy swirdere bal....Doe't men in bytsje wend wie wie it dochs foar de measten mooglik de bal oant hjelweis yn it sawat 40 meter lange perk te krijen wêr dan wer (in ús gefal) fjouwer man klear stiene om de bal werom te slaen.  Twa ferskillend kleurde wetterflessen oan de kant fan it fjild wiene de keatsen...
Mei in soad wille waard der spile, al wie de earste kar fan spilers wat iensidich. It partoer mei Ivo Jan  en Tiede wie benammen yn it achterperk nochal wat sterker as de oaren sadat bij de stân 7-0 op nij "poatele" wurde. De beide partoeren wiene no mear yn glykwicht en der waard moai en spannend om de spullen keatst. Opmerkelyk wie de entree fan Hans Jonkman, die't sund lang wer even langskaam. De earste bal sloeg hij daliks fanôf it kaord oer de boppeline, in keunststikje dat der even letter noch ferskate kearen herhelle. In tige sagge jûn dy't neffens de oanwêzigenfoar herhelling fetber is.
Wylst de kleppers fan de ferieniging oan it peloten wiene, wie us nije oanwenst op een eigen stikje oan it keatsen. It is geweldich om te sjen hoe fluch Arjen, Roelof en Tsjalling harren it spul eigen meitsje. De opslach giet al moai op nei de 20 meter en útslaggen der oer hinne binne hast mear regel as útsundering. Mei dizze mannen ha we der een pear moaie ledenkeatsers bij.
Kommende woansdei (1 juni) is der een ledenwedstryd tegearre mei de Jouwer.
Laatst aangepast op vrijdag, 27 mei 2005 22:18